Fjirde fertochte oanhâlden foar sjitpartij oan De Tunen

21 mrt 2016 - 15:12
  • De Tuinen is ôfsletten yn ferbân mei it sjitynsidint

De plysje hat ein ferline wike in fjirde fertochte oanhâlden fan de sjit- en stekpartij yn in kapperssaak yn desimber, oan De Tunen yn Ljouwert. Dat die moandei bliken op de sitting fan de rjochtbank oer de saak. Earder waarden al trije fertochten oanhâlden. Dy sitte allegearre fêst.

De fjouwer wienen belutsen by in fjochtpartij yn de kapperssaak. In Ljouwerter (28) waard delstutsen en slein en der waard ek op him sketten. Wat de oanlieding fan de fjochterij west hat, waard by de rjochtsaak net dúdlik.

Wol sei ien fan de fertochten dat er sketten hat om himsels te ferdigenjen. Yn maaie wurdt de saak fierder behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)