Finzenissen moatte op 'e nij besunigje

21 mrt 2016 - 13:03

Der wurdt op 'e nij besunige op de finzenissen. Der is de kommende jierren neffens minister Ard van der Steur fan justysje minder kapasiteit nedich wêrtroch guon finzenissen ticht kinne. Der is minder kriminaliteit en rjochters lizze minder hege straffen op. Van der Steur seit dat yn in brief oan de Twadde Keamer.

Hokker finzenissen ticht gean is noch net dúdlik, mar neffens RTV Noord soe de finzenis yn Ter Apel oer fiif jier ticht gean. It ministearje komt noch foar de simmer mei in útwurke plan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)