Undernimmers Surhústerfean yn ferset tsjin grutskalich AZC

21 mrt 2016 - 12:43
  • It Lauwerskwartier yn Surhústerfean

In groep ûndernimmers fan bedriuweterrein Lauwerskwartier by Surhústerfean hat in wurkgroep oprjochte tsjin de mooglike komst fan in grutskalich asylsikerssintrum. It Lauwerskwartier is ien fan de mooglike lokaasjes foar in AZC, dêr't 600 flechtlingen opfongen wurde moatte.

Neffens de ûndernimmers is dy groep te grut foar it doarp. Se binne benaud foar oerlêst en it op slot setten fan nije ûntwikkelings op it bedriuweterrein. Se roppe de gemeente Achtkarspelen dan ek op om ôf te sjen fan de plannen.

De ûndernimmers heakje der oan ta dat se net tsjin asylsikers binne of tsjin in lytsskaliger opfang fan asylsikers, mar dat se 600 op it Lauwerskwartier tefolle fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)