Murk Nijdam sjocht priis Brûnzen Skries as wurdearring

Boer Murk Nijdam út Wommels is bliid mei de wurdearring en erkenning foar syn wurk yn it fjild foar de skries. Nijdam wûn snein de nasjonale skriezepriis; de Bronzen Grutto fan Vogelbescherming Nederland.
Nijdam soarget foar in soad wetter yn syn lân en stelt in meanen út. Dêrtroch briede der grutte oantallen skriezen, mar ek oare greidefûgels fine der in plakje. Dêrnêst melkt hy tritich kij. Hy hopet dat oare boeren mei troch dizze priis mear dwaan wolle foar greidefûgels.
Nijdam jout wol ta dat syn wize fan buorkjen foar de measte Fryske boeren net ien op ien oer te nimmen is.