Terrein Skinkeskâns yn Ljouwert wurdt enerzjykampus

Op it terrein fan it âlde jiskelân de Skinkeskâns by Ljouwert wurdt de kommende jierren in grutskalige en duorsume enerzjykampus ûntwikkele. De kampus wurdt it thúsplak foar bedriuwen en ferskate ûnderwiis- en kennisynstellings.
Ek moat de kampus soargje foar de opwekking fan 10 prosint fan de enerzjybehoefte fan Ljouwert op basis fan in grutte biogassintrale. Boubedriuw Oosterhof Holman ûntwikkelet de kampus yn gearwurking mei it duorsumensadvysbedriuw Ekwadraat. Beide bedriuwen krije ek in fêstiging op it kompleks.
De totale ynvestearring yn it projekt bedraacht sa'n 80 miljoen euro en leveret yn de earste faze sa'n santich nije banen op.