Douwe de Vries ferlinget kontrakt by LottoNL-Jumbo in jier

21 mrt 2016 - 10:23
  • Douwe de Vries yn aksje

Reedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean hat syn kontrakt by de LottoNL-Jumbo ploech mei in jier ferlinge. De 33-jierrige De Vries rydt al twa seizoenen by de ploech, dy't traind wurdt troch Jac Orie.

Sven Kramer, de ploechgenoat fan De Vries, ferlinge syn kontrakt earder ek al. Ek Kjeld Nuis, Gerben Jorritsma en Sanneke de Neeling hawwe noch in trochrinnend kontrakt.

De Vries twivele nei de Olympyske Spelen yn Sotsji oft er noch fjouwer jier trochgean woe, mar de ôfrûne twa seizoenen by LottoNL-Jumbo wienen de twa bêsten fan syn karriêre, seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)