Plysje pakt auto-ynbrekker It Fean op yn Elburg

Autodief (argyffoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei de man te pakken krigen dy't sneontejûn mei hege snelheid útnaaide en mei 200 kilometer oer de flechtstreek fan de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean ried. It giet om in 23-jierrige man út Doorn, dy't yn Elburg oanhâlden is. De man wurdt fertocht fan in searje autoynbraken by it Abe Lenstrastadion ôfrûne sneon.
De opfallende auto fan de man waard letter yn Ljouwert sjoen. Doe't de plysje him oanhâlde woe, naaide de man mei hege snelheid út. Fanwegen de ferkearsfeiligens staakte de plysje de achterfolging.
Sneintemiddei waard de auto yn Elburg sjoen. It slagge doe wol om de man oan de kant te setten.