Jeugdhelp Fryslân siket tydlike pleechgesinnen

Jeugdhelp Fryslân siket saneamde gesinshûsâlden foar bern (6-18 jier) mei komplekse problemen. Dit binne bern dy't noch krekt net útbehannele binne om nei it âlderlik hûs of in pleechgesin te gean. In gesinshûsâlder nimt in bern (of meardere) op yn it eigen gesin (minimaal njoggen moannen en maksimaal ien jier).
It giet om bern mei bygelyks ADHD, hechtingsproblemen, trauma's en psychyske problemen. Jeugdhelp Fryslân hat no tsien gesinshûsâlden aktyf, mar it stribjen is der mear te krijen.
Minsken dy't har oanmelde foar gesinsâlder wurde dat net samar. Der wurdt yngreven ûndersyk dien om te sjen oft minsken der wol geskikt foar binne.