"Der binne tefolle deade mominten yn in keatswedstriid"

Der komt hieltyd minder publyk nei it keatsen en dêrom moatte der oare regels komme. Dat seit âld-bûnstrainer Jouke Vlietstra. Yn syn eagen binne der tefolle deade mominten en moat it tuskenspul werom. Eartiids wiene der folle mear triktraks (slachwikselingen) en dat moat wer werom.
It keatsen wurdt op dy wize oantrekliker om nei te sjen foar it publyk, fynt Vlietstra.