Frjemd rydgedrach ferriedt dronken Ljouwerter automobilist

21 mrt 2016 - 06:50

In 45-jierrige Ljouwerter rûn moandeitemoarn betiid tsjin de lampe om't er mei tefolle alkohol op achter it stjoer siet. De plysje seach de man op de Grinzerstrjitwei riden. Om't er mei wikseljende snelheid ried, waard de man oan de kant setten.

It die bliken dat de man trije kear safolle alkohol dronken hie as tastien is. Boppedat ried de Ljouwerter mei in medysk rydbewiis dat al fiif jier net mear jildich wie. Hy moat him op 23 juny by de rjochter melde.

Trefwurden: 
alkohol rydbewiis Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)