UNIS Flyers nimt mei winst revâns tsjin HYC Herentals

20 mrt 2016 - 19:36
  • De UNIS Flyers, hjir op argyffoto

UNIS Flyers hat snein de twadde wedstriid yn de finale fan de BeNe Liga wûn mei 6-3 fan it Belgyske HYC Herentals. De Friezen wienen yn in fol Thialf op It Hearrenfean de sterkste yn alle trije perioades. Yn de earste perioade waard it 1-0 foar de thúsploech. Nei de twadde perioade wie de stân 3-1 en de tredde perioade waard ôfsletten mei 6-3. Man fan de wedstriid waard Marco Postma mei twa goals en in assist.

De tuskenstân yn de beste-fan-trije searje is no 1-1.Tiisdei wurdt it beslissende finaleduel spile by HYC Herentals yn België.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)