By Goaiïngahuzen mei jage wurde op wylde katten en foksen

Foks © Omrop Fryslân
Jagers meie fan desimber ôf driuwjachten hâlde op in stik gemeentegrûn by Goaiïngahuzen. De gemeente Smellingerlân hat in fergunning foar twa jier ôfjûn foar saneamd aktyf faunabehear. Dat hâldt yn dat it gebiet troch jagers beskerme wurdt tsjin wylde katten, foksen en roeken. Dêrfoar meie yn de winterperioade twa oant trije kear driuwjachten hâlden wurde.
Yn it gebiet sitte in soad greidefûgels, mar rôfbisten brûke it terrein ek as skûlplak.