Murk Nijdam fan Wommels wint brûnzen skries

20 mrt 2016 - 11:00
  • Murk Nijdam mei de brûnzen skries

Boer Murk Nijdam fan Wommels hat de brûnzen skries krigen fan Vogelbescherming Nederland. Dat waard snein bekend makke yn it radioprogramma Vroege Vogels. Fan alle Nederlânske boeren hat Nijdam de measte skriezen op it lân: 113 skriezepearkes op 42 hektare lân.

Nijdam is lid fan it greidefûgelboerenetwurk fan Nederlân. Hy hat op syn lân twa grutte plasdrasgebieten oanlein, dêr't net allinnich de skries, mar bygelyks ek de klút en de blaustirns fan profitearje.

By syn wiete lân hat er ek in fûgelhutte boud mei in webcam deryn. De priis bestiet út in brûnzen byldsje en 1000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)