Erik Bakker: "FRUSTREARJEND mei haadletters"

20 mrt 2016 - 10:17

"Frustrerend met hoofdletters. We hebben een slechte wedstrijd gespeeld en kunnen echt veel beter voetballen". Dat wie de earste reaksje fan Cambuuroanfierder Erik Bakker nei it 1-0 ferlies tsjin Roda JC. Dat Cambuur sa dreech ta fuotbaljen kaam, hie neffens him ek mei de spylwize fan Roda te krijen, Cambuur hie grutte muoite om de frije man te berikken.

Yn de rêst wie de konklúzje dat se yn alle gefallen gjin goal tsjin krije moasten, mar fuort nei rêst foel dy goal toch en waard it ek wol in mentale kwestje om de kop derfoar te hâlden.

Erik Bakker: "We willen wel vertrouwen houden, maar dat wordt dan wel heel lastig". Op 3 april moat Cambuur de wedstriid tsjin de oare degradaasjekandidaat De Graafschap beslist winne, om noch kâns te meitsjen op in nij seizoen yn de earedifyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)