Plysje staakt achterfolging fan fertochte fan auto-ynbraak

© ANP
De plysje hat sneontejûn in achterfolging staakt, omdat it te gefaarlik waard. De bestjoerder dêr't se achteroan sieten, ried mei dik 200 kilometer yn de oere oer de sneldyk om oan de plysje te ûntkommen.
Plysjes krigen in melding dat der by it Abe Lenstrastadion ynbrutsen wie yn in auto. De fertochte ried yn in opfallende wein, dy't even letter sjoen waard yn it sintrum fan Ljouwert, wêrnei't de achterfolging begong. Dy gie oer de A32 rjochting It Hearrenfean. By Akkrum fûn de plysje it te gefaarlik wurden en is de achterfolging staakt.
By Akkrum besochten meardere plysje-auto's de fertochte oan de kant te setten, mar dat slagge net. De bestjoerder naaide út oer de flechtstrook, mei goed 200 kilometer yn de oere. Der is ûndersyk ynsteld nei de auto en de identiteit fan de bestjoerder. Mei-elkoar krige de plysje sneontejûn seis meldingen fan auto-ynbraken. Ut ien auto waard in navigaasje- en radiosysteem stellen.