Twa drankriders yn Ljouwert fan de dyk helle

Autoride ûnder ynfloed
De plysje fan Ljouwert hat sneontenacht twa drankriders fan de dyk helle. Tsjin ienen waard in 42-jierrige man sûnder fêst wenadres kontrolearre, hy hie tefolle dronken en krige dêrfoar in rydferbod fan trije oeren.
In pear oeren letter waard op de Oostergoweg in 30-jierrige man út Enschede betrape op it riden mei drank op. Hy krige in rydferbod fan fiif oeren en moat by it CBR in kursus folgje oer de gefolgen fan alkohol yn it ferkear.