Dieven slaan ta ûnder wedstriid SC Hearrenfean

Auto-ynbraak © Omrop Fryslân
De plysje fan Hearrenfean melde sneontejûn op Twitter dat ferskate auto's ûnder de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjn Heracles iepenbrutsen binne. De bút bestiet ûnder oare út navigaasjesystemen en kentekenplaten.
Burgernet is ynset om in fertochte auto te achterheljen. De wein is yn Ljouwert sjoen en de plysje sette de achterfolging yn oer de A32 yn de rjochting fan Wolvegea. De auto is ûntkaam. De plysje freget tsjûgen har te melden.