LDODK krijt koprinner PKC net nochris op 'e knibbels

De kuorballers fan LDODK ha sneontejûn net opnij stunte kinnen tsjin PKC. Op 20 desimber 2014 wûnen de Gordyksters thús fan de lânskampioen út Papendrecht mei 23-17. Sûnt dy tiid hat PKC neat wer ferlern. Sneon luts LDODK oan de koartste ein: 24-29. It publyk krige in attraktyf duel te sjen op De Gordyk.
By rêst wie de stân 12-17. PKC rûn út nei 14-21 en de wedstriid like spile. Mar ûnder oanfiering fan André Zwart (10 goals) kaam LDODK werom oant 21-23. Suzanne Struijk (ek 10 treffers) makke yn de slotfaze lykwols it ferskil foar PKC.