Rappe motorrider rekket rydbewiis kwyt

19 mrt 2016 - 20:00

Op de Kleasterwei yn Goaiïngaryp hat de plysje sneon in 32-jierrige motorrider út Ljouwert trappearre doe’t er 163 kilometer yn de oere ried op in dyk dêr’t 80 tastien is. De rappe rider ried dêrnei mei 102 kilometer troch de beboude kom fan Eagmaryp en helle yn sûnder te spegeljen.

De plysje hat de man steande hâlden. Syn rydbewiis en motor binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
plysje rydbewiis motorrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)