Folslein froulike arbitraazje by Blau Wyt'34-BCV

© Anne Waterlander
Foar de fuotballers fan Blau Wyt '34 en BCV wie it sneon in ferrassing dat de arbitraazje folslein út froulju bestie. It komt faker foar dat de KNVB by manljusamateurfuotbal in frou as assistint-skiedsrjochter oanstelt, mar in folslein froulike arbitraazje komt net folle foar.
De fuotballers wienen nei ôfrin tefreden oer de lieding. "Ik vond dat ze de wedstrijd goed onder controle hadden. Ze dwongen respect af in het veld," sei Jonathan Gregoria fan Blau Wyt '34. De wedstriid einige yn in 2-1 oerwinning foar de Ljouwerters fan Blau Wyt '34.
Om't de froulju normaal sprutsen yn 'e earedifyzje froulju fluitsje hienen se headset op by it fluitsjen. Mei dat kommunikaasje-systeem kinne de skiedsrjochters elkoar hearre. "We gebruiken dat tijdens het vrouwenvoetbal in de eredivisie wel eens, dus het is goed dat we er nu weer even mee kunnen oefenen. Het zal echter bijzonder gezicht zijn in de eerste klasse."
Fielt net oars
"Het is voor het eerst dat in district noord bij de heren een volledig vrouwelijke arbitrage op het veld staat. Dat is misschien een leuke bijkomstigheid, maar ik ga me er niet anders door voelen," sei skiedsrjochter Marije Deuring nei ôfrin.