Harkemase Boys wint Fryske striid fan Drachtster Boys

Harkemase Boys pakte sneon in 2-1 oerwinning yn de Fryske derby tsjin Drachtster Boys. De Harkiten hiene in poerbêste start op De Bosk. Nei acht minuten makke Jan Stoker de 1-0 troch in eigen doelpunt. Robert Stelpstra makke der fiif minuten letter 2-0 fan.
Nei de tee kaam Drachtster Boys werom troch in doelpunt fan Hassan. It slagge de Drachtsters lykwols net om op likense hichte te kommen. Yn blessueretiid krigen se noch wol in kâns, mar keeper Jansma die syn wurk yn it doel fan de Harkiten en kearde de bal.