ONS Boso Snits giet mei 5-2 it skip yn

ONS Boso Snits ferlear sneon mei 5-2 yn en fan Barendrecht. ONS begûn goed, oanfierder Ale de Boer sette nei in kertier de 1-0 op it boerd. Noch gjin twa minuten letter stie de lykmakker op it boerd. Nije oanwinst Angelo Zimmerman brocht de Snitsers nei in healoere op 'e nij op foarsprong, mar op slach fan rêst foel de 2-2.
Fuort nei rêst skoarde Barendrecht en moast ONS yn de efterfolging. Yn stee fan de 3-3 krige ONS it lid op 'e noas doe't de thúsploech it fjirde en fyfde doelpunt makke.