Iepen dei Sionsberg lûkt tûzenen belangstellenden

De iepen dei fan sikehûs de Sionsberg yn Dokkum hat sneon hast 5.000 minsken lutsen. Sy koene ûnder oare sjen op de ferboude ôfdieling radiology en yn it sûnenssintrum. Ek de polykliniken wiene iepen foar publyk. Der wiene ferskate aktiviteiten en guon spesjalisten hâlden in lêzing.
De offisjele weriepening fan it sikehûs wie freed. Aksjegroep Red De Sionsberg wol dat de 24-oers-spoedsoarch weromkomt, mar oft dat bart, is noch mar de fraach.
Ek de iepen dei by sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean luts 5.500 besikers. Benammen de gipskeamer wie populêr by bern, se koenen de earm yn it gips sette litte. De iepen dei wurdt om de fiif jier hâlden.