Fryslân bliuwt achter mei wynenerzjy, seit Greenpeace

© Henk Bootsma
Fryslân bliuwt achter mei it opwekken fan wynenerzjy. Dat seit Greenpeace yn in reaksje op de Wynmonitor 2015, wêryn't alle plannen omskreaun binne. Lokale politisy litte it yn de eagen fan de miljeuaktivisten slim ôfwitte, om't se wynparken net echt akseptearje. Dat soe neffens de aksjegroep yn striid wêze mei it Enerzjyakkoart 2020.
Wat Fryslân oanbelanget soe echte aksje útbliuwe en is sels minder romte foar wynmûnen kaam, om't besteande mûnen op de fêste wâl net langer ferfongen wurde. Greenpeace neamt dit in ''gekke maatregel".