Archeologyske dei oer skiednis fan Noard-Nederlân

19 mrt 2016 - 11:50
  • Tresoar

By Tresoar yn Ljouwert is sneon foar de tredde kear de Dei fan de Noard-Nederlânske Archeology organisearre. Op dizze dei kin elk dy't thús in foarwerp hat dêr't er wolris mear oer witte wol, dit besjen litte. Saakkkundigen sitte klear om der wat oer te fertellen.

Der binne ek lêzings oer de skiednis fan Noard-Nederlân, der wurde films toand, der binne rûnliedings en der wurde demonstraasjes jûn. De archeologyske ferienings fertelle fan alles oer harren wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)