Twadde slachtoffer stoarn fan ûngelok yn Snits

19 mrt 2016 - 08:15

In twadde ynsitter fan de auto dy't freedtemiddei yn de auto siet dy't yn Snits yn it wetter rekke, is freedtejûn ferstoarn. It giet om in 24-jierrige frou fan Teksel. De auto dêr't de frou yn siet, rekke oan de Rienck Bockemakade yn it wetter. Earder al ferstoar in 54-jierrige man fan Teksel oan de gefolgen fan it ûngelok.

In tredde ynsittende, in 50-jierrige frou, rekke ferwûne. Nei alle gedachten is de auto fan in parkearfek achterút it wetter ynriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)