Froulju Hearrenfean kinne net stunte tsjin PSV

18 mrt 2016 - 23:13

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean koenen freed net stunte tsjin PSV. De Feansters ferlearen nei in 0-2 rêststân úteinlik mei 1-2. De ploech fan Fred de Boer hie yn de earste helte net folle yn te bringen tsjin de Eindhovenaren. Yn de 4e minuut kamen de gasten al op 0-1 troch in goal fan Lucie Akkerman. Nei in goed healoere ferdûbele Nadia Coolen de skoare.

Nei it skoft hie Hearrenfean folle mear grip op PSV. Ynfalster Elise Meijerink skoarde yn de 61e minuut de oanslutingstreffer. De lykmakker kaam lykwols net op it boerd.

PSV bliuwt de nûmer trije fan de earedifyzje, SC Hearrenfean stiet op it sechde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)