Daphne Ansems (20) krijt ûnderskieding foar rêden famke

18 mrt 2016 - 23:13

De 20-jierrige Daphne Ansems út Ljouwert hat freedtemiddei de brûnzen medalje en de byhearrende ûnderskieding fan de Mienskip ta Rêding fan Drinkelingen útrikt krigen. Ansems hat de ûnderskieding fertsjinne troch in famke fan twa te reanimearjen yn 'e Griene Stjer by Ljouwert ferline jier.

Se krige de priis út hannen fan boargemaster Ferd Crone. It kinne is ien, mar it tapassen fan in kursus yn de praktyk is fansels in geweldige prestaasje, seit David Faber fan it Reade Krús.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)