Skûtsjes moatte lytser fynt Europa

De kâns is grut dat Fryske skûtsjes omboud wurde moatte. Skûtsjes meie fan 2018 ôf maksimaal 20 meter lang wêze, wylst dat no noch 22 meter is. Alteast, dat binne de Europeeske plannen foar de binnenfeart. It soe goed wêze foar de feiligens op it wetter. Binne de skûtsjes wol langer as 20 meter, dan moatte se bygelyks in trasearsysteem oan board ha.
It ombouwen fan skûtsjes soe flink wat kosten mei him meibringe, tinkt Klaas Jansma, skûtsjesaakkundige. Ek is it mar de fraach hoe't der metten wurdt.
De mjitmetoade is no ek al ferskillend by de SKS en de IFKS. De regeling soe ek jilde foar oare binnenfeartskippen.