Sven Kramer wol wol stake: "De KNSB hannelet asosjaal"

Sven Kramer slút net út dat reedriders stake sille om te protestearen tsjin de ferleging fan it prizejild fan de KNSB. Kramer is der fernuvere oer dat de kontrakten tusken riders en reedrydbûn foarlein wurde oan in tredde partij - de parse - wylst der noch hielendal gjin ôfspraken makke binne.
Hy fynt dat in kwealike saak. Riders, teams en sponsoaren binne noch net akkoard, en om it dan sa nei bûten te bringen, is eins by it asosjale, seit Kramer.
Te min jild
De KNSB hat te min jild yn kas om de riders te beteljen foar topprestaasjes. It budzjet fan 1,1 miljoen euro soe werombrocht wurde nei seis ton. Earder sei reedrydcoach Jillert Anema al dat dat komt troch wanbelied by it reedrydbûn. Hy fynt dat de folsleine top opstappe moat.
Draai it om
"Foar my is it in ekstraatsje," seit Kramer, "mar guon riders moatte libje fan dat jild. Ast it omdraaist, en seist by it bûnsburo: 'leverje de helte mar yn, en hast it mar te nimmen', dan rinne se allegearre jankend de doar út fansels."
Alle riders
Kramer seit ek dat it him net yn it foarste plak om it jild giet. "It giet der om dat der sa mei ús omgien wurdt. En dan sprek ik foar alle riders."