Gearwurkingsprojekt foar better ICT-ûnderwiis

It ûnderwiis, ûndernimmers en oerheden yn Noardeast-Fryslân wurkje meielkoar oan better ICT-ûnderwiis. Se ha mei syn allen it Mediabureau Noord oprjochte. Dat moat der foar soargje dat skoalbern en learkrêften alles op it mêd fan ICT ûnder de knibbel krije, sadat dat oanslút by wêr't de maatskippij en bygelyks ek it bedriuwslibben ferlet fan ha.
Twa kwartiermakkers gean de kommende moannen oan de slach om it Mediabureau hannen en fuotten te jaan. Ein maaie komt dêr mear oer nei bûten.