Earste peal slein fan nije fabryk Smildefoods

18 mrt 2016 - 18:55

Mei in âlderwetske heimasine is freedtemiddei de earste peal slein fan in nije margarinefabryk fan it bedriuw Smildefoods op It Hearrenfean. De bou fan it nije fabryk nimt sa'n acht jier yn beslach. De totale ynvestearring bestiet út tsientallen miljoenen euro's.

Op it Hearrenfean wurkje op dit stuit sa'n trijehûndert minsken by it bedriuw. Neffens direkteur Ronald Prince kin dat oantal yn de takomst noch flink tanimme. Smildefoods is aktyf yn sa'n sechstich lannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)