Wurknimmers Cofely wolle trochgean mei stakingen

© Cofely-gdfsuez.nl
Wurknimmers fan it ynstallaasjebedriuw Cofely wolle kommende moandei opnij foar 48 oeren it wurk dellizze. Se dogge dit as der foar dy tiid gjin goed sosjaal plan komt foar de 65 minsken dy't har baan ferlieze by de reorganisaasje fan it bedriuw.
Fakbûnen easkje dat dy minsken goed begelaat wurde nei in nije baan en dat se in ûntslachfergoeding krije. Underhannelingen hjiroer binne oant no ta op neat útrûn. Ek op dit stuit wurdt der staakt by Cofely. Tongersdei ha goed 200 fan de 900 wurknimmers it wurk dellein.