Alyda Norbruis pakt goud op tiidrit

18 mrt 2016 - 15:11
  • In grutske Alyda Norbruis, hjir tegearre mei kollega-winner Arnoud Nijhuis

Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp hat freed op it WK oanpast hurdfytsen goud wûn op de 500 meter tiidrit. Se ferdigene yn it Italiaanske Montichiari har titel yn de C2-klasse mei súkses. Mei har tiid fan 40.260 wie se krapoan twa tellen rapper as de Australise Amanda Reid, dy't it sulver pakte. De Sinese Zhenling Song waard tredde.

Norbruis is tige wiis mei it goud. "It jout in ôfgryslik goed gefoel rjochting de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro", seit se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)