Fit Cambuur klear foar Roda JC

18 mrt 2016 - 13:37

SC Cambuur hat, ôfsjoen fan in pear langer blessearden, in fitte seleksje foar de belangrike thúswedstriid sneon tsjin Roda JC. De ploech út Kerkrade sit ek yn de degradaasjesône en beide ploegen hawwe de punten hurd nedich. Cambuur trainer Marcel Keizer moat keuzes meitsje en fynt dat somtiden bêst lestich. "Het zit dicht bij elkaar. De één heeft wat meer van dit, de ander wat meer van dat", sa sei Keizer nei de training freed.

In opstelling woe Keizer lykas altyd net jaan. "Jullie kunnen het zelf wel zien op de training", sa sei hy.

Ofgeand op de lêste training liket it derop dat linkspoat Peersman no op de linksback posysje spylje sil. Calvin Mac-Intosch spilet as rjochtsback. Van der Laan en Lachman foarmje it sintrum fan de ferdigening. Op it middenfjild spylje Bakker, Overgoor, Byrne en Van de Streek. Foaryn stean Vloet en Barto.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)