Plysje pakt fjouwer famkes op foar stellerij yn Ljouwert

18 mrt 2016 - 13:32
  • Winkelstrjitte de Nijstêd yn Ljouwert

De plysje hat freed en tongersdei fjouwer famkes út Ljouwert oppakt foar stellerij. Twa famkes fan fyftjin jier út de stêd waarden tongersdeitemiddei op 'e die betrape doe't se klean stellen út in winkel oan de Nijstêd. Nei ûndersyk koe de plysje freed noch twa Ljouwerter famkes oppakke. Sy binne 13 en 14 jier en wiene ek by de stellerij belutsen.

De plysje giet fierder mei it ûndersyk. Mooglik folgje noch mear arrestaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)