Sionsberg ree om te praten oer 24-oere soarch

It hawwe rûzige tiden west foar sûnenssintrum De Sionsberg yn Dokkum. Mei de offisjele weriepening fan freed moat der ûnder dat ferline mei in fallisemint in dikke streek set wurde. Sa binne no bygelyks alle polykliniken wer yn bedriuw.
Foar aksjegroep Red De Sionsberg is dat net genôch, want dy sjocht graach de 24-oere-spoedsoarch weromkommen, mar oft dat bart is noch mar de fraach. De direksje fan De Sionsberg is wol ree om dat te ûndersykjen en is der neffens eigen sizzen 'drok' mei.