Ljouwerter op stap op quad sûnder kenteken

18 mrt 2016 - 10:36

In 24-jierrige Ljouwerter moast tongersdei syn quad ynleverje by de plysje. In motorplysje seach dat er gjin kenteken op de quad siet en sette de man yn de Kurkemeerstrjitte oan de kant.

Doe die bliken dat de bestjoerder ek gjin rydbewiis hie. De man hat in boete krigen. Syn quad is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)