Ids Willemsma sil keunstwurk meitsje by Sintrale As

18 mrt 2016 - 10:16

It keunstwurk dat by it Hendrik Bulthuis-akwadukt yn de Sintrale As komt, is ynpsirearre op de sylboat de BM-er. It wurk wurdt makke troch Ids Willemsma. De BM-er is in sylboat dy't yn 1928 ûntwurpen waard troch Hendrik Bulthuis fan Burgum. Wêr't it keunstwurk krekt komt, is noch net bekend. Dat wurdt bepaald as al it wurk oan it fiadukt klear is.

Trije keunstners mochten in skets meitsje. Uteinlik hat in kommisje foar it ûntwerp fan Willemsma keazen. It keunstwurk wurdt tusken de seis en sân meter heech.

Willemsma sil syn plan op 22 maart presintearje foar de Doarpsbelangen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)