Brúnfiskles foar 'balstjurrige omgong mei brúnfisk'

18 mrt 2016 - 10:05

De seis jongeren dy't by Seisbierrum in brúnfisk mishannele ha soene, moatte ferplicht lessen oer de brúnfisk folgje by SOS Dolfijn yn Harderwijk. Se moatte mei-inoar 200 euro oan de stifting skinke. Dat hat de offisier fan justysje bepaald. Dy hat de seis in proeftiid fan trije moanne jûn. It giet om trije jonges fan 17 út Boalsert, Drylts en Súdwest-Fryslân, twa jonges fan 18 út Heech en in man (21) út Minnertsgea.

Op 29 febrewaris wiene sy belutsen by wat it Iepenbier Ministearje omskriuwt as balstjurrigens yn de omgong mei de brúnfisk.

It deade bist waard doe achter in auto bûn en oer de Seedyk by Seisbierrum sleept. Dêrby liet de kop los en kamen de yngewanten en in foetus derút. It ynsidint soarge foar in soad opskuor. By de behanneling fan de saak waarden de jongeren, yn bywêzen fan harren âlden, tongersdei strang tasprutsen troch de offisier fan justysje. De saak is troch de offisier fan justysje ôfdien sûnder dat der in rjochter oan te pas kaam. 

Lês ek it parseberjocht fan it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
brúnfisk mishanneling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)