Kollum: "Oranjekoeke"

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it deistich libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.
"Justermoarn betiid krige ik woarstebroadsje-kolleezje. Ik frege op Twitter wa't wolris sa'n woarstebroadsje iten hie. Ik noch noait. In pear eksperts learden my dat je woarstebroadsjes meinimme as je bygelyks op famyljebesite gean. En dat je it moarns al by de waarme bakker krije kinne.
It is in wyt knisperich broadsje út de ûne mei in krûdich woarstje deryn. En sa't ik lies yn in Brabânske krante: de boppekant fan it broadsje heart der út te sjen as in glêde brune bil fan in jonge faam. Der sette je dan je tosken yn.
Fierder hearre je der neat by te iten. Gjin mosterd of sa.
En al hielendal gjin spek, sa't de geastlike heit fan it húspak, Roy Donders, oait nei foaren brocht. Troch him waard spek om it broadsje efkes in goarre. Mar dat is as sûkerbôle mei hagelslach of oranjekoeke mei pudding, skynt.
Brabanners binne sljocht op it broadsje. Se behimmelje se mar leafst 25 miljoen kear yn it jier.
En no komt it. It allemachtichste kulinêre keunststikje is no op de list fan unyk, ymmaterieel erfguod pleatst. Ek de byhearrende kultuer is er by set. Wat dat krekt is, is my noch net dúdlik. Miskien heart er moarns wol in glês kloasterbier by, je witte it net mei dy suderlingen. Of miskien moatte je se wol yn ien kear yn je mûle propje. Fyn ik ek wol wat foar Brabanners, Pardon my French.
Myn fraach - wa't wol ris in woarstebroadsje iten hat - wurde troch mar in hantsjefol minsken ynstimmend beäntwurde. De rest komt ek fan boppe de rivieren. It wekke ek ferwûndering op. In famke út Breda rôp ferbjustere: "dus er bestaan daadwerkelijk volwassen mensen, zeg maar boven de 1 jaar, die nog nooit een worstenbroodje hebben gegeten? Dit is dus niet iets wat gewoon bij jullie te koop is net als ehm gehakt of eieren?"
Ik fûn it wol humor. Brabân as sintrum fan de wrâld. Allegearre oan de sêfte g en PSV. Je moatte der dochs net oan tinke. Mar, dat famke hie fansels noch nea in stikje sûkerbôle of oranjekoeke iten.
Mar belangriker. Unfoarstelber dat dizze twa keunstwurkjes, oranjekoeke en sûkerbôle, net op dy list steane! Dizze list giet oer tradysjes dy't fan belang binne foar generaasje op generaasje en dy't net ferlern gean meie. No, gjin jubileum, diamenten houlik of begraffenis sûnder oranjekoeke! Dus as der wat op de list moat! Ik tocht trouwens noch wol, as wy oranjekoeke en sûkerbôle ite as Brabanners woarstebroadsjes ite, dan hawwe we aanst gjin tosken mear.
Mar goed. Fryslân komt der wat útklaaid ôf. Ik ha efkes foar jimme op de list sjoen en fan de 91 nominaasjes, sa as it 'heggenvlechten' en 'de cultuur van het pijproken' hawwe we der allinnich it houtsnijwurk út De Knipe en de Hylper kultuer tusken stean. Come on Fryslân, you can do better than that.
As Brabân dat ferhipte woarstje op de list krije kin, dan moatte wy doch op syn minst oranjekoeke, fierljeppen, op sneon mei in karre achter de auto ride, sûkerbôle, Weduwe Joustra, Fryske hynders, it Biltsk en it aaisykjen op de list krije kinne.
No myn fraach oan jo: hokfoar tradysje moat der neffens jo bewarre bliuwe en op de list komme?
Goed wykein!"