Reitsma nije fraksjefoarsitter FNP Tytsjerksteradiel

It Gemeentehûs fan gemeente Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Piet Reitsma is de nije foarsitter fan de FNP-fraksje yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dat is tongersdeitejûn yn de riedsgearkomste bekend makke. Reitsma nimt de foarsittershammer oer fan Wybe Postma. Dy makke nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2014 al dúdlik dat er healwei de riedsperioade it foarsitterskip oan in fraksjegenoat oerdrage soe. Dat is dus Reitsma wurden.
Reitsma is dwaande mei syn twadde riedsperioade. Dêrfoar draaide er al sûnt 1990 mei yn 'e stipefraksje.