Eigeners bûtendyks lân fiele harren yn de steek litten

17 mrt 2016 - 22:55

De grûneigeners fan it bûtendykse lân yn Ferwerderadiel binne negearre troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dat seit Anja Roos, advokaat fan de eigeners fan it bûtendykse lân.

Mei in nij Ryksbeslút wurdt it boerelân dêr natuergebiet. Dêr is ûnderút te kommen en de gemeenteried fan Ferwerderadiel soe dêr tongersdei in beslút oer nimme, mar dat is útsteld nei nije wike woansdei, ek fanwege oanfoljende easken fan de boeren.

"Derbûten hâlden"
Neffens Roos hie der tongersdei al wol in beslút komme kinnen. Dan hiene boargemaster en wethâlders de grûneigeners allinnich earder by it oerlis belûke moatten. "Wij zijn er de eerste vier weken stelselmatig buitengehouden. Dat was niet conform de afspraak. Er is niet correct gehandeld", fynt Roos.

"Haastklus"
Wethâlder Jaap Hijma fan Ferwerderadiel wol net mei modder smite, mar jout ta dat der flaters makke binne. "Dat hawwe je mei haastklussen, dan meitsje alle partijen flaters."

Fosfaatrjochten
Sûnder der erch yn te hawwen, gong de gemeenteried fan Ferwerderadiel yn septimber akkoart mei in nije behearsferoardening foar de Waadsee en de Noardsee. Dêr stiet yn dat it boerelân tenei as natuerlân oanmerke wurdt. De grûneigeners binne dêr lilk oer, om't it dan net mear meitelt foar de fosfaatrjochten fan de boeren. Woansdei nimt de gemeenteried fan Ferwerderadiel nei alle gedachten wol in beslút. Neffens Binne Reitsma, boer mei bûtendyks lân, liket it der dochs op dat se trochgean meie mei buorkjen op bûtendyks lân "Dat is wol in tafaller", seit Reitsma.

Boerelân en natuergebiet
Fan it bûtendykse lân yn de gemeente Ferwerderadiel is tien prosint eigendom fan boeren, de oare njoggentich prosint is natuerlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)