Ofbaarnde Clemenstsjerke It Amelân sit midden yn de weropbou

17 mrt 2016 - 21:56
  • Weropbou ôfbaarnde Clemenstsjerke It Amelân
  • Weropbou ôfbaarnde Clemenstsjerke It Amelân
  • Weropbou ôfbaarnde Clemenstsjerke It Amelân
  • Weropbou ôfbaarnde Clemenstsjerke It Amelân

It wurk oan de Sint Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân rint op skema. De tsjerke baarnde trije jier lyn folslein út. De fersekering kearde 3,2 miljoen euro út foar de weropbou. Mei fûnsen en donaasjes is der jild oer foar ûnder oare isolaasje en flierferwaarming.

De toer stiet no neist it gebou en boufakkers lizze laaien op it dakje foardat de toer derop giet. Yn de tsjerke sels bart ek fan alles. Der wurde in soad technyske saken ynstallearre. As it waar meiwierret, komt de toer op 29 maart wer op it dak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)