Motordealer yn Drachten docht mei oan customize-wedstriid

17 mrt 2016 - 21:35

De Drachtster Harley Davidsondealer Freerk van der Goot docht mei oan in ynternasjonale wedstriid customizen. Dat is it persoanlik meitsjen fan je motor mei allerhanne ûnderdielen lykas in útlaat, stjoer of bannen. Oan dizze 'Battle of the Kings' dogge Harley-dealers mei út Europa, it Midden-Easten en Noard-Afrika.

Van der Goot hat in saneamde kafee-racer makke. Dy klasse is ûntstien yn Ingelân, dêr't kafeebesikers yn it ferline races hâlden mei harren motors.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)