Alyda Norbruis wint sulver op earste dei WK baanhurdfytsen

17 mrt 2016 - 21:18
  • Alyda Norbruis (hjir yn Apeldoorn)

Paralympysk hurdfytser Alyda Norbruis hat op de earste dei fan it WK baanhurdfytsen yn it Italiaanske Montichiari sulver wûn op de yndividuele achterfolging.

Nei de earste kilometer lei Norbruis op koers foar prolongaasje fan de wrâldtitel dy't se ferline jier yn Apeldoorn behelle. Mar de Sinese Sini Zeng naam in foarsprong dy't se net mear ôfstie. Zeng finishte in sekonde earder as Norbruis. It brûns wie foar Carlina Munévar út Kolombia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)