Waadferiening hâldt publyksaksje tsjin gasboarrings

De Waadferiening is in publyksaksje begûn tsjin it boarjen nei gas ûnder de Waadsee. Troch jildsjitters fan bedriuwen dy't dêr nei gas boarje te benaderjen, besiket de feriening mei help fan de publike opiny de boarrings te kearen.
De Waadferiening hat útsocht wa't de jildsjitters binne en hat dy bedriuwen, lykas banken en pensjoenfûnsen, ynformaasje stjoerd oer it unike natuergebiet. Se dogge in morele oprop oan de ynvestearders om it jild duorsum yn te setten.
Fia de webside fan de Waadferiening kinne tsjinstanners fan de gasboarrings de jildsjitters ek benaderje.