Wijbren fan Tuinen fiert Saint Patricks Day yn Galway

As ynwenner fan Ierlân kin Fries om utens Wijbren van Tuinen net om Saint Patricks Day hinne. "It is krekt Keningsdei, mar dan yn it grien", seit er. Grien is de nasjonale kleur fan Ierlân. Yn it sintrum fan Galway, in stêd yn it westen fan it lân, is it grien fan de minsken, seit Van Tuinen.
Saint Patricks Day is de nasjonale feestdei fan Ierlân, ta eare fan de beskermhillige Sint Patricius. Dy soe it kristendom brocht hawwe. Rûnom yn it lân wurdt dat grut fierd, ûnder oare mei optochten, merke, iepenloftkonserten, en fjoerwurk.
Yn Ljouwert is Baukje de Vries fan de Ierske pub de hiele dei dwaande mei it feest. Se waard dêr tongersdeitemoarn betiid al oer belle, út Dublin wei. "Zo gaat dat daar. Ik heb ook kaartjes gekregen met "Happy Saint Patricks Day" erop. Het is echt als wat Koningsdag hier is, maar dan groter."