Motorrider docht wheely foar plysje-auto op A32

17 mrt 2016 - 19:54

In 26-jierrige motorrider út Grou is tongersdeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke, nei't er op de A32 in wheely makke yn it sicht fan in fideo-auto fan de plysje. De man ried dêrby flak achter oare auto's. Efkes dêrfoar wie de motorrider op it achtertsjil hurd by it plysjeburo yn Grou del stood.

De man is by de plysje bekend om syn gefaarlike rydbedrach. Hy moat no in kursus feilich rydgedrach folgje.

Trefwurden: 
wheely plysje-auto A32 motor Grou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)