Reedrydcoach Jillert Anema: "Top KNSB moat opstappe"

De folsleine top fan reedrydbûn KNSB moat opstappe. Dat seit reedrydcoach Jillert Anema fan de Clafisploech yn reaksje op it nijs dat de reedriders de kommende jierren minder jild fan de KNSB krije, en dat wylst se topprestaasjes leverje.
Anema fynt dat der by it reedrydbûn sprake is fan wanbelied. Bestjoerders hawwe net goed oppast. Dêrom moatte se no plakmeitsje foar in nij bestjoer. Dat moat neffens him bestean út in goede mjuks fan minsken mei ferstân fan sport, en minsken mei ferstân fan business.
In organisaasje moat yngripe as der mear útgiet as deryn komt. "Dat is by de KNSB it gefal en dat is ûnbegryplik", seit Anema. "De ferantwurdliken, de echte top, moatte en masse opstappe. It is no it momint om in nij bestjoer del te setten. Ast in sponsor hast - de KPN betellet neffens my 7 miljoen yn it jier - ast dêr net in bûn op draaie kinst, ast dat net rêdst, moatte de ferantwurdliken opstappe."